Man by brân fan dak rêden

26 jan 2011 - 06:31

By in brân yn de nacht fan tiisdei op woansdei binne twa minsken licht ferwûne rekke. De bewenners fan in hûs oan de Ljouwerter Jacob Binckestrjitte waarden wekker fan de reek. De frou (43) koe lâns de goate nei it hûs fan de buorlju flechtsje.

De man (32) doarde dat net en stie stiif fan de eangst op it dak. Beide minsken binne troch de brânwacht fan it dak helle en nei it sikehûs brocht, omdat se reek ynaseme hiene. De wenning hat reek- en wetterskea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)