Stranger tsjin hûnestront

25 jan 2011 - 22:07

Hûnebesitters yn de gemeente Weststellingwerf moatte harren tenei goed oan de regels hâlde. De gemeente sil nammentlik fan 1 febrewaris ôf stranger kontrolearje.

It giet dan benammen om it oanleinen fan hûnen en it opromjen fan stront. In overtreding kin in baaske al gau 100 euro kostje. Om de hûnebesitters yn 'e mjitte te kommen kin der fergees in hûnepoepgriper ôfhelle wurde by it gemeentehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)