Opsterlân: ynspraak besuniging

25 jan 2011 - 18:09

Opsterlân sil temajûnen organisearje oer hoe't de gemeente besunigje moat. Hjirby kin tocht wurde oan in jûn oer de WMO en de soarch en in oare jûn oer kultuer, sport en rekreaasje. De ynwenners fan Opsterlân binne wolkom, mar ek stiftings en organisaasjes.

De gemeente hopet sa in soad ynformaasje te krijen, sadat se better besluten nimme kinne. It is noch net dúdlik hokker tema's krekt oan 'e oarder komme sille. It plan wurdt noch fierder útwurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)