Poldervaart tefreden by Bocuse

25 jan 2011 - 17:51
  • It fiskgerjocht fan Poldervaart (foto: Geert Jan Vaartjes)

Sjef-kok Marco Poldervaart fan Harns sjocht tige tefreden werom op syn bydrage by de itensierderswedstryd Bocuse d'Or yn Lyon. Tiisdei sette hy de sjuery in fisk- en in fleisgerjocht foar. Der dogge 24 lannen oan de wedstryd mei.

De wedstryd giet ek woansdei noch troch, mar dan hoecht Poldervaart net mear yn aksje te kommen. Poldervaart en syn team moatte noch in dei wachtsje op de útslach, mar fuort nei it servearen wie de kok tige optein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)