Ferkrêfter famke fan 11 socht

Pascal Gelen sa't er der no útsjocht
De plysje set alles op alles om de fertochte op te pakken yn in Fryske ferkrêftingssaak út 2001. De fertochte Pascal Gelen (no 37) ferkrêfte doe in 11-jierrich famke en flechte dêrnei nei Tailân. It slachtoffer rekke yn ferwachting en krige yn 2002 in poppe.
De plysje hat fan alles besocht om de man op te pakken mar dat slagge net. Yn 2006 kaam er yn opspraak omdat er út Tailân wei Nederlanners oplichte. It is net bekend wêr't Gelen no sit.