Boaiemproseduere aaisykjen los

25 jan 2011 - 15:26

De emoasjes yn 'e rjochtseal rinne tiisdei heech op by de boaiemproseduere oer it aaisykjen. De echte aaisikers begripe mar net dat Harm Niessen fan de Faunabeskerming al 34 jier lang dwaande is om koste wat kost in ferbod fan it aaisykjen foarinoar te krijen.

Yn 'e rjochtseal wurdt striden oer de fraach oft der al as net genôch ljippen binne en oft dat al of net gefolgen ha moat foar it aaisykjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)