Soargen oer natuergebieten

25 jan 2011 - 15:08
  • Vriesema fan Steatsboskbehear

Steatsboskbehear makket him soargen oer guon natuergebieten yn Fryslân. Omdat it regear besunigje moat wol it kabinet natuergebieten ferkeapje dy't gjin diel binne fan in netwurk fan natuergebieten, de saneamde ekologyske haadstruktuer.

Mar neffens Roel Vriesema fan Steatsboskbehear kinne ek dy gebieten fan grutte wearde wêze. Lykas bygelyks in lyts natuergebietsje by Noardwâlde. Vriesema soe dit gebiet it leafst ferbine mei it Drents Friese Wold.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)