Goederenbank hat plak nedich

© Omrop Fryslân
De goederenbank fan Ljouwert moat gau oar plak ha, oars kin it wolris dien wêze mei de goedkeape kringloopwinkel.
Dat seit Simon de Jong fan de goederenbank. Troch in fûle brân ferline jier july moast de organisaasje nei in lytser ûnderkommen ferhúzje, mei as gefolch dat der hieltyd minder klanten komme. Dit hat grutte finansjele gefolgen foar de goederenbank. De gemeente Ljouwert lit witte út te sjen nei alternatyf ûnderdak, mar oant hjoed is der noch ne