Rjochtsaak Sietske H. 19 april
Sietske H. (26) fan Nij Beets, dy't har fjouwer poppen om it libben brocht hat, is de ôfrûne wiken ûndersocht yn it Pieter Baan Centrum. De útkomsten fan dit ûndersyk dat 7 wiken duorre hat, binne begjin maart klear. Op 19 april fynt de rjochtsaak plak.
Sietske H. wurdt derfan fertocht dat se tusken 2003 en 2009 trije famkes en in jonkje troch ferstikking om it libben brocht hat. Se bewarre de lichemkes fan de lytse poppen yn fjouwer kofferkes op souder.