Bouwmeester goed úteinset

Marit Bouwmeester yn har Laser
Marit Bouwmeester fan Warten stiet nei dei ien op it twadde plak yn Miami. Op de Olympic Regatta, de twadde wrâldbeker fan it seizoen, waard se yn de earste race fjirde en yn de twadde race kaam se as earste oer de streek. Se hat no ien puntsje efterstân op de Belgise Evi van Acker.
Brechtje van der Werf is wat minder oan it toernoai begûn. By it matchracen wûn se mei Annemiek Bekkering en Annemieke Bes ien fan de trije races.