'Beatrix lokwinskje op radio'

25 jan 2011 - 12:49
  • Keninginne Beatrix

It Keninklik Bûn fan Oranjeferienings wol dat alle regionale omroppen yn op 31 jannewaris de Keninginne lokwinskje mei har jierdei. Foarhinne die de NOS dit op radio 1, mar dy is dêr tsien jier lyn mei ophâlden. Alle jierren sei de presintator dat hy de Keninginne en har famylje lokwinske en dêrnei wie it Wilhelmus te hearren.

De oranjeferienings yn ús lân wolle dizze tradysje yn eare herstelle. Se ha dêrom in brief mei dit fersyk nei alle regionale omroppen stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)