Luyt BV op 'e Harkema fallyt

25 jan 2011 - 12:17

It bedriuw Luyt BV op 'e Harkema sil it fallissemint oanfreegje. Fjirtjin minsken komme dêrtroch sûnder wurk. Dat seit bestjoerder Anne van Dijk fan fakbûn FNV Bondgenoten.

De taleveransier fan de metaalbransj komt oarspronklik út Wormerveer yn Noard-Hollân. Yn 2008 kocht Luyt it bedriuwekompleks en masjinepark fan it fallite Spinder Products op 'e Harkema. In goed jier letter, yn 2009, gie Luyt ek alris fallyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)