L'diel ek tsjin asfaltfabryk

25 jan 2011 - 12:09

Nei Menameradiel is no ek de gemeente Littenseradiel tsjin it te bouwen asfaltfabryk by Ljouwert. Dat die moandei bliken by de riedsgearkomste.

In mearderheid fan 'e fraksjes is tsjin de lokaasje fan it fabryk by it Skinkeskânseilân oan de westkant fan Ljouwert. Neffens de partijen kin it fabryk folle better op it Newtonpark komme en heart it net thús op Skinkeskâns. De asfaltsintrale is ûnderdiel fan in grut enerzjypark. Der hawwe de partijen gjin beswier tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)