!mpulse útnoege foar Artcadia

25 jan 2011 - 10:15

Skoalmienskip Piter Jelles !mpulse yn Kollum is mei alve oare skoallen selektearre foar de lanlike finale fan in technyk- en keunstwedstryd. Dêryn stiet de fiktive takomststêd Artcadia sintraal. Learlingen moatte oplossingen betinke foar problemen op it mêd fan enerzjy, mobiliteit, wetter en duorsumens. Dêr meitsje se in ûntwerp foar dy't se yn april presintearje by de finale op de TU fan Eindhoven.

De wedstryd is ûntwikkele troch advys- en yngenieursorganisaasje Arcadis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)