Mei koarting nei de Harmonie

24 jan 2011 - 19:35

Minsken dy't oan in Stasjonswei, Stasjonsstrjitte of Stasjonsplein wenje, kinne mei koarting nei in foarstelling yn skouboarch de Harmonie yn Ljouwert. It giet om de foarstelling 'Stationsstraat 169 huis' fan de teatergroep M-lab.

It is in popmusical oer fiif bewenners fan in studintehûs. Minsken dy't sels yn in Stasjonsstrjitte wenje, krije 5 euro koarting op de entreepriis. Se moatte it wol bewize kinne. De foarstelling is op 23 febrewaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)