Opwurdearring Nij Bosma Zathe

24 jan 2011 - 16:48

De nije melkfeepleats fan de Wageningen Universiteit komt definityf by Nij Bosma Zathe by Ljouwert. De Ried fan Bestjoer hat dat besletten. Nij Bosma Zathe wurdt opwurdearre ta it proef- en ûnderwiisbedriuw foar de melkfeehâlderij fan de Universiteit fan Wageningen. Der komt ek gearwurking mei Van Hall Larenstein.

Alle oare proefbedriuwen yn Nederlân wurde sluten. It tal arbeidsplakken by Nij Bosma Zathe sil yn alle gefallen fan 5 nei 15 gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)