Spoar Ljouwert-Meppel slipe

De kommende moanne wurdt it spoar tusken Ljouwert en Meppel slipe. Dêrfoar rydt yn de nacht in spesjale slyptrein stadich oer it spoar. It wurk wurdt benammen yn de wykeinen dien tusken tolve oere nachts en seis oere moarns.
Alle spoarstaven wurde ien kear yn it jier slipe om ûneffenheden fuort te heljen. Op 26 july ferline jier ried in slyptrein yn Starum troch de stjitblokken hinne, dwers troch de wettersportwinkel oan de haven.