Mear telefoanyske help Sensoor

It ôfrûne jier hawwe folle mear minsken in berop dien op de telefoanyske help fan Sensoor. Yn 2010 kaam dêr 31 persint mear telefoantsjes binnen - Sensoor neamt dy taname spektakulêr, mar kin net ferklearje wêr't de stiging weikomt.
Opmerklik is dat folle mear froulju as manlju help sykje by de frijwilligers fan de helptsjinst: 62 persint is frou. De geastlike need is nachts it heechst. Yn totaal waard ferline jier 14.000 kear belle.