Dizze wike beslút Leers

Dizze wike beslút minister Leers fan Ymmigraasje en Asyl oft er yn berop giet tsjin it fonnis fan de rjochtbank yn Den Bosch oer de Afgaanske flechteling Sahar en har famylje. De rjochtbank oardiele foarige wike dat Sahar foarearst yn ús lân bliuwe mei. Se is bot ferwestere en soe yn Afganistan gefaar rinne.
Leers hat in wike de tiid om yn heger berop te gean en sil neffens syn wurdfierster woansdei of tongersdei witte litte oft dat bart.