Yeni klear mei Harkemase Boys

24 jan 2011 - 14:33

Harkemase Boys oanfierder Erdem Yeni giet op syk nei in oare klup. Yeni wol nei sân jier Harkema wolris wat oars. Dêrneist is hy net bliid dat Harkemase Boys noch net begûn is oer in nij kontrakt.

Yeni stiet yn de belangstelling fan ferskate Turkse klups, mar dêr giet er net op yn. Neffens Yeni binne der ek oare klups út de Topklasse dy nei him ynformearre ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)