CSK Ljouwert ûndernimmer 2010

24 jan 2011 - 14:13
  • Direkteur Paul Visschedijk fan CSK krijt de priis
  • De Ljouwerter ûndernimmers byelkoar

It fabryk CSK Food Enrichment hat moandei de Undernimmerspriis 2010 fan Ljouwert wûn. It bedriuw leveret fral yngrediïnten oan de suvelyndustry, lykas strjemsel. It giet op 't stuit poerbêst mei CSK yn Ljouwert.

Koartlyn waard bekend dat CSK it bedriuwsoerflak yn Ljouwert ferdûbelje sil. It bedriuw sil in nije fabryk fan 35 miljoen euro bouwe. Op koarte termyn wurde ek 40 nije banen ferwachte. Yn 2002 waard CSK ek al Fryske Undernimming fan it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)