Oanpak slûpferkear Rottefalle

Smellingerlân nimt maatregels om slûpferkear op de Havenwei yn De Rottefalle tsjin te gean. Ferkear út Eastermar rjochting Drachten makket in soad gebrûk fan de smelle dyk en omwenners ha dêr oerlêst fan.
Ut in mjitting die bliken dat 75 persint fan it ferkear dat fia de Bildwei it doarp yn rydt gebrûk makket fan de Havenwei. Besletten is om tusken febrewaris en april fan de Havenwei in ienrjochtingswei te meitsjen.