Frou bedriget man mei mes

24 jan 2011 - 10:53

In 24-jierrige frou út Winsum is snein oanholden foar bedriging. By de plysje wie in melding kaam dat de frou in 21-jierrige man út Droegeham mei in mes bedrige hie. Hy wie útnaaid, mar de frou achterfolge him.

By Swarteweisein seagen plysjes de fertochte riden, wêrnei't se oanholden waard. Se is fêstset op it buro foar fierder ûndersyk. De oarsaak fan de bedriging leit nei alle gedachten yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)