Feyenoord meldt him foar Dost

Bas Dost
Feyenoord hat him offisjeel meldt foar Hearrenfeanspits Bas Dost. De Rotterdammers hawwe ynformearre om de oanfaller foar de rest fan it seizoen te hieren. Hearrenfean hat de Rotterdammers witte litten hjir net op yn te gean.
"Bas Dost is it grutste talint fan Nederlân, dy lit je net samar de doar útgean", sa seit SC Hearrenfean foarsitter Robert Veenstra. Earder hie ek Ajax al kontakt opnaam om te ynformearjen nei de sitewaasje fan Dost.