Empatec hat minder wurk

Sosjale wurkfoarsjenning Empatec sil dit jier minder minsken foar eigen rekken yn tsjinst nimme. Dat komt troch in ryksbesuniging op de wurkfoarsjenning fan mear as twa miljoen euro.
Oant no ta holp de wurkfoarsjenning alle jierren sa'n 50 minsken mei in arbeidsbeheining mei eigen jild oan it wurk. Dat tal wurdt no werombrocht nei 30. Doel is dêrneist it tal arbeidsplakken op natoerlike wize werom te bringen.