Oanhâldings disko Noardburgum

Der binne trije minsken oanhâlden omdat se besochten de disko yn Noardburgum yn te kommen, wylst se al earder fuortstjoerd wienen. Dat barde sneintemoarn betiid. It gie om in Boarnwerter (22) en twa manlju fan 21 en 24 jier út Raard. Doe't de plysje de trije dúdlik makke dat se net wolkom wienen, makke dat net folle yndruk op de Boarnwerter. Hy besocht dochs wer binnen te kommen en waard oanhâlden.
Dêrby hat de man him bot fersetten.