Brûns foar Boer op WK sprint

23 jan 2011 - 16:11

Margot Boer is snein kreas tredde wurden op it WK sprint. It is op dat poadium har earste medalje, neidat de Grouster yn 2009 alris fjirde waard. Twadde yn Thialf waard Gerritsen, de Kanadeeske Nesbitt waar wrâldkampioene.

Dat Gerritsen en Boer it poadium hellen, hie alles te krijen mei de Dútse Jenny Wolf, dy't yn har lêste 1000 meter folslein troch it iis sakke. Wolf waard 21ste. Earder stie Wolf noch twadde yn it klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)