Snitser follybalsters ferlieze

Petra Groenland sjocht har spylsters wer ferliezen (foto: Klaas Hijlkema)
Follybalklup VC Snits hat sneon mei 3-0 yn sets ferlern fan Pollux út Oldenzaal. De froulju fan trainster Petra Groenland bliuwe dêrmei op it ien nei lêste plak stean yn de Dela-league.
Yn Oldenzaal wiene de setstannen 25-17, 25-21 en 26-24. Takommend wike stiet de wedstriid tsjin de nûmer twa, Weert, op it programma.