Soad fernielings yn Mitselwier

23 jan 2011 - 15:53
  • De Túnstrjitte yn Mitselwier

Yn Mitselwier is sneintemoarn betiid in soad fernield, nei alle gedachten troch jongerein. Tsjûgen ha sjoen dat in groep jongeren yn de Túnstrjitte tusken healwei fiven en healwei seizen dwaande wie mei ferkearsmeubilêr.

De plysje kaam ôf op de melding dat der in oanhingwein stellen wie oan de Roptawei. Yn it doarp seach de plysje in grutte ravaazje yn de Túnstrjitte. Konteners, brievebussen en ferkearsbuorden leine oer de dyk en dêrtusken lei ek de stellen wein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)