Itenzer krijt klappen mei glês

23 jan 2011 - 15:42

In 18-jierrige jonge fan Itens is fan sneon op sneintenacht ferwûne rekke oan de holle en nekke yn in disko oan de Kleine Kerkstraat yn Snits. Hy waard dêr mei in glês slein. De 24-jierrige Snitser dy't dêrfan fertocht waard, waard troch meiwurkers út de disko set.

Op dat stuit kamen der krekt in pear aginten foarby, dy't him foar de mishanneling meinamen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)