FVC set einspurt te let yn

Sneinshaadklasser FVC kaam sneon op sportpark Wiarda krekt te koart tsjin it sterke WKE út Emmen. Der waard mei 3-2 ferlern. De Emmenaren stiene nei fjouwer minuten al mei 1-0 foar, dat wie ek de rêststân.
Binnen it oere foelen ek de 2-0 en 3-0, acht minuten foar tiid koe FVC pas wat werom dwaan. It waard 1-3 troch in doelpunt van Sander Seinstra, dernei foel rap de 2-3, mar de einspurt kaam te let. Al protestearre FVC yn de slotfaze noch om in penalty te krijen.