Dekseil frachtauto's fernield

23 jan 2011 - 15:35

Yn Haulerwyk waarden yn de nacht fan sneon op snein de dekseilen fan in grut tal frachtauto's stikken snijd. Dit barde tusken twa en fiif oere nachts by in transportbedriuw oan de Leeksterweg. De eigner ûntduts de fernieling en warskôge de plysje.

It is noch net dúdlik oft der ek guod út de frachtweinen stellen is. De skea foar it transportbedriuw is grut. De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't wat sjoen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)