Groothuis diskwalifisearre

23 jan 2011 - 15:19
  • Stefan Groothuis (foto: Sportfoto.nl)

Reedrider Stefan Groothuis makket gjin kâns mear op de wrâldtitel sprint, dit wykein yn Thialf Hearrenfean. Groothuis waard snein yn syn twadde rit op de 500 meter diskwalifisearre fanwege de 'dokter Bibberregel'.

De ritwinst gie nei de Súd-Koreaan Kyou-Hyuk Lee, dy't in klasse 500 meter ried. Hy ferbettere it baanrekôr fan Wotherspoon yn in tiid fan 34.77. De nije rekorhâlder stiet ek boppeoan yn it klassemint. De bêste Nederlander is Kjeld Nuis op it fiifde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)