Margot Boer wer twadde

23 jan 2011 - 14:49

Reedrydster Margot Boer fan Grou is snein op de WK sprint twadde wurden op de 500 meter yn in tiid fan 38.44. De Dútse Jenny Wolf wûn de ôfstân yn 38.33. Sneon ried Boer de earste 500 meter noch yn 38.28.

Margot Boer makket noch kâns op in poadiumplak. Yn it algemiene klassemint nimt de Grouster sprintster in fjirde posysje yn, mei twa hûndertste fan in sekonde efterstân op de nûmer trije, Annette Gerritsen. Letter snein is de lêste tûzen meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)