Van Lunzen wint heale maraton

23 jan 2011 - 13:58

Remon van Lunzen hat sneon de 27ste heale maraton fan Tsjom wûn. Van Lunzen draafde de heale maraton yn 1.14.22. Harry Wiersma fan Blije wie twadde, Saco Hemstra fan Weidum tredde. By de froulju wie Tji Roos fan Utrecht de fluchste foar Hermina van Dijk fan Frjentsjer en Inge Smit fan Zwaag. Roos lei de heale maraton ôf yn 1.32.58.

Der diene sa'n 350 minsken mei oan de heale maraton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)