Liet 2011 freget om filmkes

Louiza Saitova wûn de publykspriis fan Liet 2010
It Fryske sjongfestival Liet hat de ynskriuwing foar Liet 2011 iepene. Liet 2011 wurdt in jubileumedysje, want it Fryske sjongfestival bestiet de kommende maaitiid 20 jier. De winner fan Liet 2011 mei de kommende hjerst nei Liet Ynternasjonaal, dat dit jier yn it Italiaanske Udine hâlden wurdt.
De seleksje giet dit jier oars as de ôfrûne jierren. Dielnimmers wurdt dit jier frege om in filmke fan har nûmer yn te stjoeren.