D66 wol dúdlikens foksejacht

23 jan 2011 - 10:16

D66 yn de Twadde Keamer wol dat steatssiktaris Bleker de jacht op foksen mei ljochtbakken ferbiedt. De metoade is neffens de Nederlânske regels tastien, mar neffens Europeeske net. D66 fynt dat dat soarget foar ûndúdlikens en ûnnedige prosedueres.

Ferline jier joech Fryslân in tal jagers tastimming om mei ljochtbakken op foksen te jeien. Letter waard dy tastimming ynlutsen, neidat de Faunabescherming de Europeeske wetjouwing by de rjochter oankaarte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)