Nij filmfestival yn Snits

22 jan 2011 - 17:20

Nei Ljouwert, Flylân en Skylge hat no ek Snits in jierliks filmfestival. Net ien mei allegearre premjêres, mar in festival mei films dy't minsken it ôfrûne jier miskien mist hawwe. Freedtejûn wie de iepening mei de film The Kids Are All Right.

Snits hat al jierren in spesjale jûn dêr't minsken saneamde indy-films sjen kinne; films dy't oer it algemien net in grut publyk lûke. Faak om't de ûnderwerpen dreech binne, of omdat der op in spesjale wize filme is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)