Biltse jongerein yn aksje

Jongeren op It Bilt stekke de hannen út de mouwen foar it goede doel. In jier lang sille se allerhanne aksjes dwaan om safolle mooglik jild yn te sammeljen foar de kankerbestriding. De jongeren binne te werkennen oan spesjale wite jassen mei dêrop de tekst 'Bildtse Jongeren in Actie'. De ôftraap foar it frijwilligerswurkprojekt wie in grut feest mei in soad muzyk.
Der binne fjouwer jongeren úteinset mei it projekt.