De Westereen hat sûnenssintrum

22 jan 2011 - 14:53

Yn De Westereen is sneon it sûnenssintrum offisjeel iepene. Oan de iepening gie sân jier fan plannemeitsjen en oerlis foarôf. Ferline jier gie de earste peal de grûn yn en no is it sintrum dan offisjeel yn gebrûk naam.

Belangstellenden koene sneon foar it earst binnendoar sjen. Yn it sûnenssintrum sitte in apteek, húsdokters, thússoarch, ferloskundigen en in konsultaasjeburo. It projekt hat twa miljoen euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)