Dief oppakt op begraafplak

22 jan 2011 - 14:21

De plysje hat in fertochte pakt yn de saak fan de stellerijen fan begraafplakken yn Ljouwert. In plysjeman trapearre freedtenacht in 37-jierrige man sûnder fêst wenadres op 'e die op it Huzumer begraafplak.

De man sei earst noch dat hy socht nei it grêf fan in famyljelid, mar yn syn fytstassen fûn de plysje ynbrekkersark. De man sit noch fêst. De ôfrûne wiken is op ferskate begraafplakken guod fan grêven stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)