Slûpferkear yn De Rottefalle

22 jan 2011 - 13:01

De gemeente Smellingerlân nimt maatregels om slûpferkear op de Havenwei yn De Rottefalle tsjin te gean. Ferkear út Eastermar nei Drachten makket gebrûk fan de smelle dyk. Omwenjenden ha dêr lest fan.

Ut in mjitting die bliken dat 75 % fan it ferkear dat oer de Bildwei it doarp ynrydt gebrûk makket fan de Havenwei. Yn oerlis mei doarpsbelang is besletten om tusken febrewaris en april fan de Havenwei ienrjochtingsferkear te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)