Jansma yn aksje yn Winterberg

Sybren Jansma
It nije bobslydteam fan Sybren Jansma docht sneon foar it earst mei oan it Europeesk Kampioenskip. Mei de Olympyske Winterspelen fan 2010 yn Vancouver heakke it team op it lêste momint ôf en se slydzje dêrom no net mear foar it Nederlânske bûn. It bobslydteam is no foar harsels begûn en moat dêrom ûnder oare al it materiaal regelje.
Sa ha se in nije twamansslide en in fjouwermansbob. Fierder moast it team ek suniger oan, fanwege minder jild.