Harnzer fiskôfslach drokker

Direkteur Teun Visser fan de Urker fiskôfslach ferwachtet mear drokte mei fiskerskippen foar de Harnzer haven. Hy ferwachtet benammen skippen út Den Helder en Eemshaven. De Harnzer ôfslach heart by dy fan Urk.
Ferline jier hâlde de Harnzer fiskôfslach hast op. De fiskers gongen leaver nei Urk omdat de prizen dêr heger lizze. Dit jier wurde der dêrom allinnich mar garnalen feild en fisk oerslein foar de Urker fiskôfslach, foar Urker prizen.