Stellen motor brûkt by kreak

De stellen motor (foto: plysje Fryslân)
De plysje yn Ljouwert hat yn de Achlumerstrjitte in motor fûn dy't earder yn Amsterdam stellen is. In tsjûge seach dat de motor net ôfsletten wie en warskôge de plysje.
Ut ûndersyk die bliken dat de motor mooglik brûkt is by de mislearre ramkreak by in juwelier oan de Nijstêd ôfrûne woansdeitenacht. Dêrby is ek in Mercedes-bus brûkt. De ynbrekkers lieten de bus stean. De bus wie lykas de motor yn Amsterdam stellen.