Ferlerne saken ferlern gien

De meldingen fan ferlerne saken by de gemeente Skarsterlân binne trije dagen lang sèls ferlern gien. As je bygelyks je kaaien, in beurs of in sjaal ferlieze, moatte je dêrfoar sûnt maart ferline jier nei de gemeente. Dêr kinne je fia de website oanjaan dat je wat kwyt binne of dat je wat fûn ha.
Troch in flater yn de automatisearring binne trettjin fan dy oanjeften op moandei, tiisdei en woansdei no sels ferlern gien. De gemeente hopet dat minsken opnij oanjefte dogge.