Projekt skoalle mei de soarch

De boargemaster Harmsmaskoalle op De Gordyk komt mei in projekt om learlingen entûsjast te meitsjen foar wurk yn de soarch. De skoalle slút dêr in konvenant foar mei soarchorganisaasje ZuidOostZorg.
Learlingen kinne yn de ZuidOostZorg-lokaasje De Miente op De Gordyk praktykûnderfining opdwaan. Dat kin op ôfdielingen yn it fersoargingshûs en ek op ferskate nivo's. Se wurde yntinsyf begelaat troch de skoalle en de soarchorganisaasje.