Doutzen topper op twitter

De berte fan de soan fan Doutzen is freed trending topic op twitter. Dat betsjut dat der in soad oer dit ûnderwerp skreaun wurdt. Foaral oer de namme wurdt in soad sein. Kommentaar is wol gauris dat Phyllon Gorré net echt in Fryske namme is.
Doutzen Kroes en har man Sunnery James krije fia twitter ek in soad lokwinsken. Se ha sels noch net reagearre op it blide nijs fia twitter.