Man falt fan ljedder
In 59-jierrige man út Blesdike is tongersdei fan in ljedder fallen. Hy wie oan it wurk yn de bosk by Blesdike. Mooglik is er útgliden en dêrtroch fan de ljedder fallen.
Troch de fal rekke de man ferwûne oan syn boarst. Hy is oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.