Tsjûgen ynbraak boaten socht

21 jan 2011 - 11:01

De plysje siket minsken dy't mear witte oer de ynbraak yn acht boaten yn De Pein. De boaten leine yn in stalling oan de Hegewei. Mooglik is der yn de nacht fan snein op moandei ynbrutsen yn de boaten.

De dieven snijden de dekseilen iepen en namen de brânstoftanks fan in tal boaten mei. Minsken mei ynformaasje kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)